Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Westewyn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Read fan gleonte kleure ’t swurk
yn ’t easten op dy kâlde moarn,
dat flammen lôgen yn it westen.
De miuwen kriezen: ‘It giet oan!’
De skoarstien rikke: ‘Oan it wurk!’

’t Wie in teken oan de loft
dat skûtsjes leine fêst yn ’t iis,
al pavoisearre foar de helden.
De miuwen kriezen: ‘Wês no wiis
en start dy hiele gleone kloft!’

De skoarstien hold de siken yn,
it swurk loek ticht mei goare mist,
dat wetter dripte út ‘e poarte.
De miuwen kriezen: ‘No, dat witst
foarút mei gleone westewyn!’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum