Omwuolle mei in plastic hoes,
sa falt it troch de brievebus
wat earst kaam mei papier
derom, want beammen by de rûs,
mar plastic jout mei dûbel plus
– it hâldt de drippen tsjin
en is fan bûten sier –
dus akwarysk en estetysk sin.
Lit net it misferstân bestean
dat wuoljen komt út minsken wei,
it hie in ier begjin:
in mot spûn al de plastic klean
foar beammen, yn it oansjen fraai
en fierder ek in plus
foar wat it bistke kin:
‘Ik, Hyponomeuta Padellus!’
|