| De ‘Hoop op Wolfeart’ leit bewuolle yn de snie, de swurden heech,
 om’t iis it skip yn de besnijing hat,
 te ier, it rom is noch net leech,
 fan hoop op wolfeart doocht gjin spat,
 dy is alhiel ta iis bekuolle.
  Foto út ‘Lemster skûtsje’
 troch Klaas Jansma en Marten Sandburg
 De Snitser Pan is rynsk ferljochtetroch op ’t dek de snie, foar sier
 it seilplan en ’t ferneamde stedssymboal,
 gjin swurd en roer om foar yn ’t spier,
 it skipsfolk leit noch yn it hoal
 en dreamt, foar moarn teiwaar berjochten.
 
 Gjin skûtsje is foar iiswaar makke,kriget foar de sier gjin priis,
 wurdt simmers sierd mei seil en roer en swurd
 en wol dan farre, eigenwiis,
 want hoopje hoecht net, ’t giet om hurd
 en ien foar ien de oaren pakke.
 
 |