Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yntuysje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It woe alhiel net yn my del
dy moarns, sa ûnder ’t rinnen
yn it tsjuster fan desimber:
ynienen ljocht, dat ik waard kjel,
mar ’t wie gjin ingel oan it trimmen.

Twa swannen swommen yn de sleat
as ljochten net te dimmen
mei it boadskip fan desimber:
tink net it wurdt fan ’t jier wer neat,
it wyt sil ’t fan de kleuren winne.

Image

Ik tize om mei dit berjocht,
wie ’t serieus te nimmen?
Wis, want op ‘e nij in teken:
it wyt fan miuwen joech it ljocht
yn plak fan de desimbersinne.

It kaam yn dikke flokken del
en dôve minskestimmen,
joech de wite fûgels hulde:
wis, yntuysje is yn tel,
’t fertelle kin de snie allinne.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum