Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Titus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt van Rijn*

Image

Dêr sitsto dan, myn soan,
de tomme oan it kin,
de guozzefear derûnder,
’t papier kinsto net sûnder,
sykjend nei de krekte sin
foar juster dat ferstoar
en foar it lok fan moarn.

Dyn mem is der net mear
dy’t dy as jonkje droech,
no binne wy tegearre,
dyn lok sil ’t net bestjerre,
want de takomst jout it foech
te libjen mei de oar
as inkt en guozzefear.

No jonge, skriuw de sin
fan doe oer no nei moarn,
sa komsto út it tsjuster
fan ’t deadebyld fan juster
as ljochte dêr myn soan,
in dûbel takomstspoar
om’t ik dyn heit noch bin.

* Rembrandt van Rijn (1606-1669),
ien fan de grutste Nederlânske skilders,
skildere syn fjirtjinjierrige soan yn
clair-obcur.
Syn mem stoar al foar’t er ien jier wie.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum