It moarnsrea hie de grille foarm 
fan ’t meunster mei bestimming stêd, 
’t foarsei it kaam op wetter del 
en yn it glês in swiere stoarm. 
  
De measten leine noch op bêd, 
in inkeling waard panysk kjel 
fan krokodillen yn de sleat 
en fleach as wekker troch de stêd. 
De moarnske eagen skode ’t fel 
foarwei, se seagen ’t gie ferkeard, 
omdat it oant de lippen stie, 
sadwaande kaam ’t op sjitten del. 
  
It moarnsrea hat de stedsjer leard 
dat goede rie komt foar de die: 
is moarns de loft as fjoer sa read, 
komt jûns it wetter yn de sleat.  |