fan Roelant Saverij*
Kleurfontein fan blommen,
mear as sechtich yn in faas,
dêrby de dieretún
fan flinters, fûgels en ynsekten,
dêrmei hat de skildersbaas
natuer en keunstsin romme.
Keunstsin hat ek wekke
foar de minske heger sin:
de kevers fan de dea
en flinters fan it nije libben,
fan de ein en it begjin,
dat hat de keunstner rekke.
Keunstboeket foar riken
oan de muorre fan har hûs,
in libben mear as brea
en om de eagen út te stekken,
mar foar blommen by de rûs:
yn greiden en by diken.
* Roelant Saverij (1576-1639) skildere ‘It grutte blomstik’
op in paniel fan 130 by 80 sintimeter,
bedoeld as dekoraasje by in rike opdrachtjouwer.
De blommen en dieren ha in symboalyske betsjutting:
libben (flinters en kikkerts), dea (kevers en miggen)
en rêst (iisfûgeltsje).
|