Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Laits en earnst

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frans Hals*

Frans Hals, it kin net oars,
do wiest in man fan ’t libben
mei in skerpe noas
foar wat de tonge aait;
gjin fanatike stribber
wiest, mar mear in flagge
sa’t de wyn hjoed waait.

Image

Dêr is er dan, de bûtenjonge,
gol fan laits om wat noch grappich is,
mar dochs mei ‘avesearje’ mongen,
‘want ik moat derhinne, sûnder mis!’

De eagen heine op en ljochtsje,
wylst it hier springt alle kanten op,
de tosken flymje om te fjochtsjen,
mar sabeare sûnder slach of skop.

Image

Is ’t bûtenjonkje jierren letter
wurden ta in man fan ‘pakke mar,
wat binnen komt, is folle better,
want it echte libben jout gjin kar’?

* Frans Hals (1580-1666) wie ien fan
de belangrykste Nederlânske skilders
fan de santjinde ieu.
Hy skildere in protte portretten.
Troch syn flotte streek dogge
guon fan syn skilderijen
ympressionistysk oan.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum