| Ut it skûtsje-argyf 1996
 Fjoerwurk past by ’t Feanhoopfestival, 
dat ha de skippers witten, 
want se giene te betiid fan wâl; 
de festivallers makken lol, 
se lieten eigen rotsoai sjitte. 
Mar fan ’t jier gjin misferstân, de start 
soe mei in kûgel barre 
dy’t de loft yn skeat mei fjurrich read, 
gjin skûtsjeskipper seach mear swart, 
elk koe op tiid de rûte farre. 
  
Elke rûte waard in karrûsel, 
ientoanich sûnder knallen 
as de wite petten op griis hier, 
dy’t dreauwen by de skûtsjes del, 
it festival wie har tafallen.  |