Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op it achterdek*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Sy hoegden noch net achterom te sjen,
de mannen fan de Snitser Pan,
it siet der yn ’t begjin net yn,
mar mei gelok en oan de wyn
wie ’t yn de rin noch net ferlern.

En oan de ein seach Douwe** ’t sitten,
hy koe it roer sels sjitte litte.

Image

Sy wiene nei de start foaryn te sjen,
de mannen fan it Lemster skip,
it rûn en ’t siet dus grif wol goed,
gelok en twirren joegen moed,
in topplak, dat seach sels in bern.

Mar Jelle*** seach it net mear sitten,
te ier fan start, hy hat it witten.

Image

* Wedstriid by Terherne
** Douwe Visser
*** Jelle Reyenga

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum