fan Léon Cogniet*
Gjin ear wie mear te heljen
foar Napoleon yn ’t hjitte lân
fan sfinks en piramide,
hy hie as sfinks syn diel wol hân
en soe as hoanne fierder stride.
De ear wie foar it leger,
striidber ûnder generaal Kléber,
as arsjitekt mei eagen
net inkeld hjir, mar ek ris dêr,
om’t sfinksen ieuwenlang al seagen.
Wylst pylders ’t striidspul skôgen
fan de Mamelukken, fûl op winst
by ’t rêstplak fan de sinne,
wie ’t Frânske sjitspul net it minst,
dat generaal Kléber koe winne.
detail
De arsjitekt hat skôge
’t ieuwenâlde bouwurk mei de skea,
mar sleat dêrnei de eagen:
in moardner die him oan de dea,
de bouskea hat him net mear pleage.
* Léon Cogniet (1794-1880)
Skilderij ‘De fjildtocht yn Egypte,
de Slach by Heliopolis op 20 maart 1800’
|