Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kennis en geast

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa’t witte wol, giet djip
en sûget dan nei boppen
rûchwei de matearje,
basis foar de wittenskip.

Sa slacht de kennis del,
de grûn om op te bouwen,
hegerop te earjen
wat de wrâld oer is yn tel.

Wat fuortstreamt, is de geast
om fierderop te driuwen
stilwei nei ’t mystearje,
sûnder tellen noch it meast.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum