| fan Jan Wellens de Cocq*  
 Hoefolle bylden ljochtsje op
 fan hillige Antonius
 dy’t wielde djip ferachte,
 dat er libbe op ‘e top
 fan stille dagen, neare nachten.
 Sjoch Paulus by him yn de grotdrok yn petear oer libbenssin
 fan died of meditaasje,
 wylst de raaf as sein fan God
 bringt bôle foar de ynspiraasje.
 Yn ’t iensum oard fan de woestynwurdt hillige Antonius
 beflein troch helske machten,
 hakjend op syn siele yn,
 wylst Kristus ûnder op him wachtet.
 ‘De striid hast wûn, myn trouwe soan,as died dy’t yn dyn stilte wie,
 no kinsto rêstich stjerre,
 wachtsjend op ‘e nije moarn,
 gjin duvel kin it mear bedjerre.’
 
 Fiif ieuwen letter,hillige Antonius,
 bliuwst rikkend op ‘e grûn
 foar ’t hynder, op ‘e kletter,
 neaken froulju, bûn
 oan oaljefanten, heech
 op tinne poaten;
 sjochst mei ’t krús sa leech
 ferliedings, alle soarten,
 lykwols wêr is no dyn Hear
 of sjochst Him yn de fierte
 foar de oaren yn de wear
 en lit Er dy hjir sitte?
 * It is net wis oft Jan Wellens de Cocq (1485-foar 1527)dit skilderij wol makke hat. Yn alle gefallen hat in skilder
 út Leiden dizze midsieuske útbylding kombinearre mei
 in sterk natuergefoel.
 
 ** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne yn Catalonië.
 De folgjende útspraak tekenet de skilder:
 ‘O Salvador, no witst it, ast foar sjeny
 spilest, wurdst it.’
 
 |