Wa kiest net foar it rjochte paad
mei spoaren fan dy’t gongen foar
de tiid, in feilich far
en smout it praat.
It hynder loek de line strak
en lange streken oer it flak
fan wetter, brocht – gjin kar –
it folk teplak.
It spoar lûkt ek syn fêste baan
en sleept optiders flitsend oer,
spuit út it frije, mar
’t is inkeld waan.
Wa kiest dan leaver net in paad
mei eigen spoaren oer de mar
dêr’t frijheid is oan bar
en fierte maat.
|