Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It ljochte rjocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It sykjen nei it rjochte ljocht
hat minsken troch de tiden bûn
as skôgers tusken siel en loft:
it fonkje dat de waarmte brocht,
de sinne dy’t de bôge rûn,
mar ’t sykjen duorret al sa’n skoft.

It ljocht kaam fan de himel del
en waard troch ’t minskdom heind,
dat fangers fleagen hegerop,
de missers kamen yn de hel;
de tiid hat dizze bylden skeind,
foar hel en himel jildt in stop.

Komt dan de stroom fan ûnder op
dy’t troch de keale kabels sjit
– al is de loft natuerlik blau –
it keunstljocht fiedet oan de top?
Salang’t de wikel boppe bidt,
besjongt de mûs it ljochte rjocht.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum