Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan Burdaard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Burdaard, it doarp dat oan de Ie
as swel sa sierlik wjukken spriedt
en tippend troch it libben giet,
omdat út âld wer nij ûntstie.

Sjoch nei it draaien fan ‘De Swel’,
de mole troch it fjoer ferslein,
is út ‘e jiske wei opflein
en foar it meallen wer yn tel.

Priuw yn de winkel fan it swiet,
as ingelwiet de tonge aait,
en priuw wat oer de toanbank waait
oan sfear út âlde beppes tiid.

Image

Sjoch Ruerd dy’t yn syn skildershûs
de tiden fêstlei fan it jier,
net neffens ’t each, wol libbenswier,
de wrâld fan Ruerd syn ris en rûs.

Hark nei de rock fan Skieppekop,
dy’t folk lûkt koarte oeren troch
en weaget op ‘e wjukken noch
wannear’t de hin stapt fan har stok.

Sjoch nei de iisbaan winterdeis
wannear’t it wetter wurdt gjin iis;
Burdaard lykwols is wis en wiis
mei grutte plannen ûnderweis.

Belibje boppe-al, Burdaard,
it tippend fleanen fan de swel,
soms stadich, dan wer fluch en fel,
dat leit no ienkear yn syn aard.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum