Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oerwâld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As jonkje dreamde ‘k my it oerwâld yn
as slingerjende aap oan in liaan,
ik dronk de molke út in kokosnút,
koe elke fijân makkelik ferslaan
en kaam as stoere Tarzan der wer út.

Image

No lûkt it Fryske oerwâld my deryn,
it reidfjild oan de igge fan de feart,
myn each bedrinkt him oan it weagjend grien
en freonlik slingerjend bin ik by steat
wer stil te stean, ik nim der noch mar ien.

Image

Der fjouwert nachts wolris in merje yn
myn dream mei hoeven fan beton en stiel,
dy sûpt it grien mei skrobske swolgen op,
wat oerbliuwt is in weagjend modderwiel
dêr’t ik yn slingerje mei pinekop.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum