Sneon, 27 augustus 2005
Men neamt har amateurs:
skûtsjesilers dy’t graach
skipper wêze woene,
mar net hearre by it laach
dat by de berte ’t stimpel
kriich fan kommandeurs
mei flagge en mei wimpel.
De amateurs besylden
hjoed de rûte fan de dei,
mar ien yn ’t hiele jier
mei fier foarôf de bylden
fan striid foaryn, op wei
nei wat in amateur
besielet yn elke spier.
De spieren stiene spand
by ’t starten op ‘e hoarn,
wat minder lûd as ’t skot
foar skippers, dy’t yn spanning,
hjoed allinnich fan de kant,
op kommandeurderstoan
bepraten de bemanning.
De striid ferrûn op skerp
tsjin oaren oan de wyn,
mar sûnder stjit of rimpel
op hjitte hollen en yn
it lûd fan ’t finishskip
klonk troch de heale eare:
de flagge sûnder wimpel.
|