november 9, 2026

Net dat hy samar foel,
gjin sprake fan in hertoanfal,
fatale oerhaal yn de krún
of yn de stikstof stikke,
needwaar wie de oarsaak fan syn fal.
Hy kaam diagonaal
te lizzen, lykas woe er wer
oerein, de need hold tsjin syn krún
en stam, sa lei hy jierren
lang yn ûnmacht, mompeljend: ‘Ik stjer.’
De rûge hûd liet los,
wat wie ’t begjin fan syn ferfal,
hy smeke om eutanasy,
gjin bile, troch in seage
wie syn lijen oer en kaam syn fal.
september 28, 2026
september 20, 2026