augustus 15, 2026

As de blom dy’t bloeie moat
yn ’t folste fan de simmer,
de kleuren fan de muorre krijt,
dan hoart de hjerst al oan elk blêd
en slûpt tendins op drûchte ta.
Earder waard de himel swart
fan buien yn de simmer
mei tonger nei in bliksemflits
en eaze ’t wetter oer it lân,
tendins woe inkeld groeien ha.
Lange dagen wurde koart
as hjerst ferfangt de simmer
wylst hjitte slacht foar master op
oant tûken misse blêd nei blêd,
tendins skaait nei de winter ta.
Wat op ierde wrâldwiid bart,
hat ynfloed op ’e simmer,
dy’t feroaret yn de hjerst,
dy’t fierwei yn de winter kringt…
lang libbet de hortinsia.
augustus 7, 2026
juli 6, 2026