augustus 3, 2026

fan ûnbekend*
Wêr wachtsje de twa swalkers op,
Vladimir en Estragon,
dy’t gean en stean foar har bestean
as minsken dy’t der wêze meie
lykas Stalin en Napoleon,
sy wachtsje op Godot.
Sy wachtsje net op Pozzo dy’t
jild rom rôlje litte kin
en giet en stiet wêr’t hy mar wol,
slaaf Lucky hâldt er oan de leie,
syn bestean sjocht hy as heechste sin…
sy wachtsje op Godot.
Salang’t sy wachtsje kinne, is
har bestean noch krekt genôch
om troch te gean en stil te stean
by dat sy der ek wêze meie,
dan komt de tiding ’t is omdôch…
ferwachtsje him mar net.
* Foto’s ‘Toanielstik ‘Wachtsje op Godot’
fan Samuel Beckett, premiêre yn 1953’

juli 18, 2026
mei 3, 2026