Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Paadwiis

Lyrysk Deiboek


Wa kin de krêft wjerstean
fan himelfjoer en fûle twirren
as sels in hege beam
gjin wjerstân biede kin?

Dus stie ik foar it rút
om fan de bliksem te genietsjen,
hiel oars as yn in dream,
ik wie it my bewust.

De nacht waard sa in dei
fan soarch en noch bewuster libje
as maat fan it klimaat,
iiskâld en sûnder fjoer.

De beam hold my hjoed tsjin,
ik koe net om syn stjerren hinne,
wat wiisde my it paad
nei wat iksels dwaan kin.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum