Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sâlt foar swiet

Keunst

fan Mario Carreno*

Mei swurden yn de fûst,
sa liket it teminsten,
geane sy de striid fûl oan,
mar ’t giet om swiete winsten.

Sy binne moarns al ier
yn ’t spier en oan de spieren
is te sjen dat sy fûl slaan,
dus binne sy de wiere
foar him dy’t mei de fûst
de baas is oer teminsten
tsien dy’t wurkje yn it reid,
it giet om swiete winsten.

Sy slaan de stâlen troch
en litte it sâlt rinne,
jouwe oan de wrâld wat swiet
is sûnder sels te winnen.

* Mario Carreno (1913-1999)
Skilderij ‘Sûkerreidsnijers’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum