Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hongkong

Lyrysk Deiboek

fan ûnbekend*

Hoefolle minsken kin men bergje
yn in stêd op mar in lyts gebiet,
miljoenen wolle dêr ferkeare
om’t dat plak fan alles biedt.

Tefolle folk, dan jout de hichte
útkomst foar wa’t is net stjerrend bang
om dêr syn lykwicht te ferliezen,
boppedat sitst earste rang.

In tongerbui mei felle bliksem
hat gjin ynfloed op ’e hege toer,
wol op it sicht fan de bewenners
oant de bui driuwt stadich oer.

Hoefolle minsken kinne berge
wurde as it fjoer wurdt ta in hel
foar folk dat wennet yn de hichte,
wiskjend as wat jiske del.

* Yllustraasje ‘Wentoer yn de brân’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum