augustus 21, 2025
fan Jacob Backer*
De mûtse stie hm bêst,
sa liet de skilder witte,
Poalske jonges droegen sa’n baret,
de fear kaam fan in fûgel
dy’t fier en heger fleane koe
as tomke, mosk of protter,
mar sels moast hy stilsitte.
Noch nea hie hy dêr west,
mar hy koe mei de eagen
iepen folle fierder sjen as nei
it plak fan dizze skilder
dy’t him lang sitte litte soe,
hy seach de jonges boartsjen,
syn eigen bylden fleagen.
De skilder hie syn bêst
dien, liet er letter witte,
want hysels stie Poalsk op it portret…
ferjit dêrom it sitten.
* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘Jonge mei baret’
juli 3, 2025
juni 19, 2025