Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reidbolle

Lyrysk Deiboek


Hy lit him amper sjen,
mar wol fan fierren hearre
as in bolle dy’t lûd balt,
in bist mei brune fearren.

Hy fljocht foarby as skym,
men soe him skôgje wolle
folle langer as er balt,
syn namme is reidbolle.

Syn hâlding is rjochtop,
lykas rûnom de reiden,
as in peal dy’t net opfalt,
stiet hy te poatsjebaaien.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum