Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rôlekeunst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe harke doe de faam it hea,
klear foar de feint syn loegjen,
weiden heech, de hynders swoegjend
foar de weinen, wiet de lea.

Image

No ha se it yn streken sûnder
nammen, ûnpersoanlik ark
dat brommend klikt, it giet foar wûnder
mei it leanmasinepark.

Image

De trekker lûkt de reade fretter
fan in hûndert meter hea,
fertart it dat er efkes letter
skyt de rôle oer it gea.

Image

Mar wêrom soe men byldspraak rûke
dy’t net past by dizze tiid;
sjoch hoe’t de rôle-greidehoeke
’t keunstwurk fan de jûntiid biedt.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum