Wat komme moat, leit noch bedobbe
ûnder moddergrûn, in hôf allyk,
it stek derfoar fertelt mei bylden
fan de risiko’s yn ’t deaderyk.
De stielen platen nêst de blommen
binne foar beskerming fan de dyk,
pilonnen lykje sleine skylden,
want de fytsers woene net omlyk.
Om maitiidsfûgels fuort te jeien
waaie stripen read-wyt op ‘e wyn,
gjin driuw is lykwols op te kearen,
oer de wjuk ferdriuwt de plastic skyn.
Mar mei de tiid sil ’t byld feroarje,
takomst stjoert gjin fytser yn de war,
de ljippen moatte swimmen leare,
want it modderhôf wurdt Houkemar. |