Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Moderne Apollo

Lyrysk Deiboek

Apollo giet de hichte yn
om op Olympus oan te kommen,
dêr’t de sinne altyd skynt;
hy, de god fan alle keunsten,
drinkt al dichtsjend in glês wyn.

Apollo lit him ek noch yn
mei folk dat wurket op ’e ierde;
hy, as helper nei omheech,
transformearret yn matearje,
foar Olympus is er blyn.

Apollo, god fan leech nei heech,
is sa ek technologysk klommen,
hy is meigien mei de tiid;
lit hy sjen ’t moderne keunstke,
dan ha wurkers ’t minder dreech.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum