Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eachweid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De bloei is wyt fan wille,
biedt trochsicht oer de sleat
mei fiere kym fan hope,
neat wat it eachweid keart.

Image

Ik kin de bermen tille
op hannen, nei ferrin
sweef ik op rook fan blommen
omdat ik lichter bin.

Ik lânje op ‘e strjitte
deunby in hagedoarn,
de skerpte wol my prikke,
de bloei is read fan toan.

Image

Hy kin de tiden mjitte,
omdat er útsicht hat
mei staar op beide eagen
dy’t sjogge sokssawat.

Soed er de tiid noch witte
fan bermen op ‘e hân
fanwege wite wille
mei eachweid oer it lân?

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum