Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sachéus

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sachéus wie net grutter as in bern,
mar wist wêr’t it te heljen wie,
hy sifere mei seizen tagelyk,
de rykdom wie him oan te sjen,
want wat al jierren op syn jaske stie,
dêr rûn de man mei op ‘e dyk.

Image

Ik seach de seis ynienen
hingjen by it skulpepaad,
dêr’t noch gjin minsken wiene,
selskip lei net yn syn aard.

Ik socht it yn de hichte
neffens Lukas syn ferhaal,
in tou wie net ferplichte,
mar spriek kleare kleuretaal.

Sachéus, tusken blêden,
tocht hy wie fan seizen klear,
hy koe him sels wol rêde,
seach sa oer it hiele hear.

Image

Ik ha Sachéus holpen út ‘e dream:
dat graaie hjoed gjin skande is,
hy tusken oandielhâlders sitte mei
of sels noch heger yn de beam
en dat sân hasten jild is sûnder mis
de keninklike hearewei.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum