Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De doop fan Kristus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan van Scorel*

Image

Jan, as wy net better wisten,
dan wiest in pornograaf
yn kleur: de froulju read en neaken,
de manlju rimpen, mar noch braaf.

Yn de midden, as ynliste,
belibbet Hy de steat
fan ’t bleate doopjen as de dea
troch ’t wetter nei syn libbenswei.

Image

Ut ‘e hichte sjitte strielen
fan dowefearren nei
de dopershân… mar Jan, ha nea
dyn tinzen by it neaken west?

‘Yn Itaalje seach ik ’t bleate
fan minskelea it bêst:
sy sierlik en atletysk hy
en sjoch, dêr kaam de doop noch by.’

Image

Jawis! Wat seist, de situaasje hjoed?
It wetter yn de Houkesleat stiet heech
en wite dowen wjukje strieljend leech,
mar fan it oare net in hân of foet.

* Jan van Scorel (1495-1562) wie in Nederlânske skilder,
dy’t yn 1520 in pylgerreis makke nei it Hillige Lân.
In pear jier letter wied er yn Itaalje. De Nederlânske paus
Adriaan VI stelde him oan as opsichter oer de keunstskatten.
Hy waard yn syn skilderjen beynfloede troch de Renaissance,
û.o. troch Rafaël en Michelangelo.
De ynfloed fan Itaalje is op it skilderij ‘De doop fan Kristus’
grutter as fan it Hillige lân.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum