Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sliepe en frette

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Lit ús de dieren roppe
út it bosk en fjild wei
om te sjen wat barre sil;
sjoch hoe’t se har fol frette…
by de wachters bliuwt it stil.

De wachters bliuwe lizzen,
want se binne blyn en
ha gjin ear foar wat net goed
giet, hoeders sûnder wetten
hawwe oer har skiep gjin noed.

It binne stomme hûnen
dy’t net blaffe kinne,
mar wol lizze yn de sûs,
it leafst de dei troch sliepe,
dêrnei frette by de rûs.

Mei ’t eigen doel foar eagen
binne sy op winst út,
dêrnei jouwe sy har oer
oan wyn en drank, se drinke
oant se misse stjoer en doer.

* Yllustraasje ‘Sliepende hûnen’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum