fan Bernardo Cavallino*
Heit David seach frjemd op
doe’t Absalom him noege
mei te gean nei ’t skieppeknippersfeest,
mar David seach tsjin ’t reizgjen op,
syn âlde lea ha swierder woegen.
Dochs Absalom woech ôf
syn kâns op wraak foar Tamar,
dy’t troch Amnon skandlik oantaast wie,
hy woe foargoed fan ’t barren ôf
en fan syn broer, mar ’t gie net samar.
Hy droech syn feinten op
om Amnon om te bringen,
wylst de keningssoannen wiene oan
de drank; sy folgen ’t sizzen op,
der kaam in ein oan ’t dronken springen.
It gie troch ’t hiele lân:
de dea fan kenings soannen,
dat heit David lei yn djippe rou,
in omkesizzer briek de ban:
op ien nei libben alle mannen.
Dochs Absalom woech ôf
syn kâns om te ûntkommen
oan de wraak fan wa’t fan Amnon hold:
by pake kaam er net yn ’t nau,
mar eigen rjocht waard ta it kromme.
* Bernardo Cavallino (1616-1656)
Skilderij ‘De moard op Amnon troch syn broer Absalom’
|