Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Betocht ferhaal

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Hans Holbein*

Image

Sa krige David dus syn soan werom,
de moardner Absalom,
troch ’t frommeske út Tekóa
op oanstean fan de generaal,
want Joab woe op frede ta
mei syn betocht ferhaal.
De wize frou fertelde it ferhaal
fan Joab yn har taal:
se wie in widdo yn de rou
oer har twa soannen, ien al dea,
de oare, moardner, stoar al gau,
de deade heit ta skea.

De wize foarst beharke yn ’t ferhaal
in boadskip, har moraal
fan kenings jierren yn de rou
oer Absalom, foar heit al wei,
mar libben troch de flinke frou
dy’t doe de wierheid sei.

Sa krige David dus syn soan werom,
de moardner Absalom,
troch ’t frommeske út Tekóa.
* Hans Holbein (1497/98-1543)
Houtfyk ‘Wize frou út Tekóa yn petear mei David’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum