Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mikal

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Sauls dochter Mikal, twadde kar,
stie twa kear foar it iepen rút
foar David, man en kening,
earst liet sy him rap derút,
en letter makke sy it al te bar
yn harren keninklike wenning.

De kening hie syn mantel út
en stapte yn de ûnderklean
oer strjitte foar de arke,
liet him as kweajonge gean
ern dûnse hanneklappend ta beslút
fan poarte nei it skeamelst doarke.

Image

Sauls dochter Mikal seach it oan
en skamme har de wangen read
foar David, man en kening:
sjoch de foarst yn lege steat,
’t foldocht yn ’t neaken by slavinnen skoan,
in doarke fierder stiet har wenning.

Mar David hie gjin oare kar,
hy dûnse sjongend foar de Hear
en net foar eigen namme;
fan slavinnen kriich er ear,
mar net omdat er kening wie fan har,
wol hoeder út in sljochte stamme.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Mikal ferachtet David’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum