Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de skûtsjerôf

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

Ferline simmer ’t brûs noch foar de kop
en yn de waring ’t wetter,
mar Doarp Grou besylde net de top,
’t soe yn de winter better.

Yn ’t pikketsjuster fan de Aldjiersnacht
begûn de reis út Warten
op in sleper mei in man of acht,
it wie in driuwend moatten.

Fan ’t Grouster skiphûs hiene se in kaai
en wylst it fjoerwurk dôve,
fûn de Warten-acht de rjochte wei
en hat it skûtsje rôve.

Se leine ’t yn it eigen doarp oan tou
mei folle lok en seine,
’t seil kaam justjes heger as yn Grou,
mar sûnder doek en bleinen.

Der gie in saaklik briefke nei Joop Mink*,
dat skippers skip wie stellen,
‘mar gjin noed, der mist gjin bout of klink,
al gau kinsto se telle.’

Se foeren ’t skip werom op Nijjiersdei
om ’t op syn plak te lizzen,
mar in tou siet harren yn de wei
en Joop hie wat te sizzen.

It waard gjin oarloch yn it nije jier,
mar Warten woe wol meidwaan
by de SKS, dy moast foar wier
oan ’t doarp plak fyftjin weijaan.

Image

* Skipper fan Doarp Grou

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum