oktober 2, 2016
In stielen koker hâldt him no oerein, hy is wol âld, mar net tenein.
Hy bûcht net mei de wyn, mar bliuwt rjochtop, de strammens bynt fan foet oant top.
In houten koker wie syn earst hâldfêst, mei stielen trie besloech it bêst.
Hy hold doe seil en fok op ’t skip oerein en mei wat lok waard elk ferslein.
No, op syn âlde dei, is hy noch mêst en hâldt er fraai de flagge fêst.
september 28, 2026
september 20, 2026