Ut it skûtsje-argyf 1976
De Lemmer lei de twadde dei foar blak,
de Iselmar blonk spegelglêd
en yn de dize dreau de kime;
fjirtjin skûtsjes, fan de sinne sêd,
bekroepen ’t wetter as in slak.
It Hearrenfean sloep by de oaren wei
mei ’t suchtsje yn it holle seil,
dat skippers rekken yn de grime
om it túch dat hong as droege dweil
en ’t slakketempo yn de draai.
De tiid hold op dy Lemster middei skoft,
dat ’t folk siet útteld op it dek
as wie it oan de oeren lime,
’t hie de ein en droechte yn de bek
en read wie oan dy ein de loft. |