Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Moard by Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

Image

It wetter kringt troch waarm Langwar,
streamt stadich ûnder ’t heechhout troch
en leit him by de jachten del;
mar rêste kin altiten noch,
it kuollet by it strân it fel
en draacht de skûtsjes oer de mar.

De hoer fan Boalsert is wer frou
en rint yn ’t brún parmantich lâns
’t publyk dat sjocht nei ’t slanke stal
en hifket nei de fal har kâns
dy’t by de start al klimt, mar wol
it by in skeinde frou sa gau?

Image

Jawis, want Siete* sylt hjoed mei
it mes op ’t dek en snijt deryn
as Loadewyk** wat skraler kin;
de broers fermoardzje oan de wyn
elkoar, ’t is Tjitte*** wol nei ’t sin
dy’t nei de finish fynt syn draai.

Wannear’t de rêst komt oer Langwar,
de seilen lizze ûnder ’t kleed,
dan jout de wyn him stadich del;
wylst ’t floatfolk dreamt fan frij op freed,
skynt noch de sinne efkes fel
en sylt it boatfolk oer de mar.

Image

* Siete Meeter fan Boalsert
** Loadewyk Meeter fan Huzum
*** Tjitte Brouwer fan It Hearrenfean

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum