Ut it skûtsje-argyf 1976
In rûne mar, in stive wyn,
in poadium mei stjitmuzyk,
de start fan ’t blijspul by Terherne;
de skûtsjes hongen der djip yn,
de koers wie rjocht, gjinien woe bryk,
allinnich ’t moast wol efkes wenne.
De haadrol wie foar ’t Hearrenfean,
hoe koe it oars by eigen pier,
al wie dy dan ek fan Terherne,
mar Snits en Boalsert yn de klean
foar fol, sy showden seil en sier
en lieten har as hinggirls kenne.
Ynienen wie it showen oer,
want Boalsert spile plat foar hoer.
De eigen manlju wiene klant,
elk stie of siet gau op har kant.
It frommis wie telider slein,
moast yn in wip en sucht oerein.
Se skeat omheech, sjedêr de romp,
it topke hong har op ‘e slomp. |