februari 19, 2018
Hy sit noch net tsjin syn pensjoen,
fersliten knibbels hat er net,
de rêch giet jierren mei,
hy hat mei mannich strjitte ret,
foarbyldich, alle dagen sûn.
De Easterdyk leit yn ’t patroan
fan rjochte hoek, diagonaal,
in keunstwurk op syn wei,
de rjochte streek as liniaal
falt dêrby wol wat út ’e toan.
Hawar, sa is no ienkear keunst,
dêr’t hy lang mei te meitsjen hat;
in drankje op in dei
en ek de rook fan bakker Bart
beskôget er as tank en geunst.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024