Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De tiden fan de Grienedyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Donker is it asfalt tusken ’t grien
fan bermen dêr’t it piipkrûd ’t ryk
allinnich hie en fan ‘e moarn ien
rige skerpe beareklauwen stean,
de Grienedyk.

Muontsen ha allinnich foar it lean
fan Gods genede grûn opbrocht,
op berjes oanfierd dat it fean
net feroare yn in wrâld fan slyk,
de Grienedyk.

Ieuwenlang besocht it wetter mei
de krêft fan stoarmen it gefjocht
te winnen dat it gea allyk
seesicht wurde soe, lykwols dêr lei
de Grienedyk.

Motors ronkje, ride fan ‘e moarn
mei grûn en klauwe bermen rjocht
sadat it asfalt bliuwt gelyk
oan ’t gewicht fan wat de tiid ús brocht,
de Grienedyk.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum