It tastel is te stadich
om ’t fleanen fêst te lizzen
fan fûgels… eigenaardich
hoe’t wjukken harren drage
en sûnder doel te missen
bewege yn de lagen
dêr’t gjin mins ferkeare kin.
Mar as ’t ferkear de dyk
oer fljocht en sjocht gjin flecht,
dan is der min ûntwyk
foar wat earst heger wie
en no dêr leit as echt
foar ’t tastel, lamme krie
om stadich te besjen.
|