Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2022

admin

Cams skot

Lyrysk Deiboek

Wa soe dit fredich gea fersteure
yn de moarntiid fan in kleare dei?
Allinnich stilte lit him hearre,
gjin krie dy’t ien de wacht oanseit.

Wa soe dan oer in ynbraak seure,
wa of wat brekt yn dit lânskip yn,
wa soe de stilte hjir bedjerre?
Gjin krie dy’t strang de septer swaait.

Sjedêr hoe’t Cam dit gea bewekket
mei it each op markol, goes en ein,
gjin fûgel sil te ier hjir stjerre,
de krie wit ek dat Cam skerp draait.

Gjin jager dy’t in fûgel rekket,
want Cam krijt him daliks yn it each,
syn dei is dan folslein mislearre,
úteinlik wint Cams skot it pleit.

* Foto ‘Poel by de Grienedyk’
** Foto ‘Kamerabewekking’

admin

Torashiro Kawabe

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De eagen kâld, de lippen strak,
de holle heech, wat giet der om
yn ’t militêre kronkelbrein
dat al salang yn wurking wie
of is it dien mei ’t sjittend tinken?

It tinken brocht him earst teplak
yn Moskou, tichtby Stalins styl
om wreed te moardzjen sûnder ein,
wat al salang yn wurking wie,
hy waard betsjinne op syn winken.

Hy kriich yn ’t heitelân syn plak
yn ’t leger as de generaal
dy’t sjitte koe, syn slach wie slein
mei alles wat yn wurking wie:
Japan liet skip en minske sinke.

Dochs kriich er lang net syn gerak,
moast oansjen tsjin in nederlaach
en leech wie hiel syn kronkelbrein,
dat doe op slach út wurking wie,
noch lang liet hy de echo klinke…

… fan oarloch giet fan plak nei plak,
fan âld Japan oer Moskou nei
nij Oekraïne oant de ein;
as neat mear fol yn wurking is,
feroaret dan it sjittend tinken?

* Foto ‘Torashiro Kawabe’
** Foto ‘Oarloch yn Oekraïne’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum