Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2022

admin

Manon Gropius

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**


Sy hie in heit as arsjitekt,
dy’t wrâldferneamd waard troch it Bauhaus,
en in mem, fan manlju gek,
dy’t har dochter seach as poppe,
mar dat wie ’t him krekt.

Sy wie krekt fiif, doe woe mem al
foar har in rol yn it teater,
want neat wie foar har te gek;
’t moaiste famke fan hiel Wenen
joech har mem de rol…

… fan frou yn ’t sintrum fan de wrâld,
dy’t manlju om har fingers wuolle,
nei de iene grut ferlet
fan in oare sûnder triennen,
want dy smakken sâlt.

Manon waard by har mem besmet
mei in bestean yn folle gloarje,
dêrby kaam noch polio;
rôljend troch it wiffe libben
hat sy ’t net lang ret.

Mei achttjin jier hat sy ferlern
de lêste siken, as in ingel
waard sy yn de keunst betocht:
yn  har geast klonk de fioele,
ivich bliuwt sy bern.

* Foto ‘Manon Gropius en har âlders’
** Foto ‘Grêfstien fan Manon Gropius’

admin

Ferlerne memmen

Bibelbylden

fan Georges Minne*
Jeremia

Jeruzalem, gjinien lijt mei dy mei
no’t Ik net mear genedich bin,
want do hast My de rêch takeard,
meilijen hat gjin sin.

De rêch takeard, omdat myn folk him net
fan minne wegen ôfkeard hat,
soe Ik dan noch meilijen ha…
sjoch dêrom wat no bart.

De memmen reitsje harren berntsjes kwyt
en wurde widdo, grut yn tal,
jongkeardels fine harren mem
net mear, djip is de fal.

In mem fan sân ûntkomt dêr ek net oan,
de lêste sike blaast se út
noch foar’t de sinne ûndergiet,
it swurd blinkt ta beslút.

* Georges Minne (1866-1941)
Byld ‘In mem gûlt om har deade bern’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum