Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2022

admin

Libben stjerreljocht

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Yn grotten is it meastal tsjuster,
rekket men de rjochting kwyt
en driget yn de nederklits
te kommen, gjin ûntkommen
oan de werklikheid.

De glimwjirms jouwe de yllúzje
fan in himel, folop ljocht
fan stjerren, hjir en dêr in flits,
in grot om yn te kommen
foar ’t ynsekt dat nocht…

… hat oan in loft mei tichtby stjerren
dy’t him nûgje foar de dûns,
net wittend fan de werklikheid
fan glimwjirms dy’t heech klommen,
dêr’t er krijt de bûns.

* Foto ‘Waitomo Glimwjirm Grotten yn Nij-Seelân’


admin

Geheimsinnich byld

Keunst

fan Fidelio Ponce de Léon (Kubaan)*

Se kleurje net mei ’t felle read,
hoewol’t se har net skamje
foar it ideaal fan ’t heitelân:
in mienskip fan ‘elk is gelyk’,
de steat lit dat fjoer flamje.

In keunstner libbet mei it fjoer
dat him de ynspiraasje
jout om foar it eigen byld te gean:
yn wêzen binne bern gelyk,
net read lykas de naasje.

Hy bringt bern dizenich yn byld
sa’t sy foar him noch binne,
lykas keunstners mei in eigen geast,
dy’t ôfwykt fan it ‘grut gelyk’:
’t geheim dat bern noch kenne.

* Fidelio Ponce de Léon (1895-1949)
Skilderij ‘Bern’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum