Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2017

admin

Kroadzje

Keunst

fan Vincent van Gogh*

It komt op lade, dan wer losse oan,
de djipgong neffens swierte,
’t begjint al yn de iere moarn
en letter rint it út op switte.

Hy kroadet turf oan; dat er ’t lykwicht hâldt,
komt troch it wurk fan jierren,
de winters binne glûpend kâld,
de rop om waarmte komt fan fierren.

Sy bûcht har oer de bult en lûget rjocht
foar ’t lykwicht op ’e boarden,
de jûnen binne sûnder ljocht,
de rop waait oan út fiere oarden.

Sjedêr it ljocht dat kleuret simmerdeis
it suden, fêste moade
fan lizze, dan wer ûnderweis…
foar beide jilde swiere kroaden.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Turfskûte mei twa figueren’
Skilderij ‘Kade mei sânskûten’

 

admin

Nei it gastmiel

Bibelbylden

It wie in miel mei argewaasje,
dêr bin ik earlik yn as gast,
it miel wie goed, mar net it praat
fan Jezus mei it heechste wurd,
wat ûnder iten neffens my net past;
mar ’t slimste wie, hy sette my teplak,
want foaroan sitte paste net,
heechhertich, sei er, wie myn aard,
sa kaam it op de measten oer
en dat fan ien út Nazaret…
De gasthear die it ek net goed,
hy noege de ferkearden út:
yn plak fan ús kriich ’t sljochte folk
de ear en lju yn soarch en noed
fertsjinnen wat ferdivedaasje,
teminsten ’t kaam sa op ús oer.
De gasthear kriich yn in ferhaal
wer folk fan strjitte as syn gasten,
want wy koene yn dy kontekst net,
in sechje as ferlechje yn de taal
fan ’t folk, mar as ’t ús echt net paste
om te kommen nei it miel,
dan stelde hy it feest wol út,
hawar it wie mar in ferhaal,
it joech lykwols wol yrritaasje.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum