Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for oktober, 2017

admin

Bartoloméus’ fragen

Bibelbylden

fan Peter Paul Rubens*



Net dat ik wer nei hûs ta wol,
mar by ús master falt it wier net ta,
hy freget nochal wat fan ús:
him stelle boppe frou en bern
en drage dan ek noch ús krús.

De fraach is: hâlde wy it fol
en ek wêr giet dit op it lêst op ta,
wa hat it no oer ’t eigen krús?
Wy moatte nei de takomst sjen,
woe Jezus ha, dus net nei thús.

Hy joech it foarbyld fan de bou:
set net útein foardatst de kosten witst,
oars komt it bouwurk grif net klear,
’t ferbân mei ús koe ’k earst net sjen,
fan jild en sa wit Judas mear.

It twadde foarbyld kaam al gau:
in kening dy’t strategysk ynsicht mist,
ferliest de slach… is dat syn krús?
Wy moatte it faaks sa besjen:
it krús heart grif by Jezus thús.

* Peter Paul Rubens (1571-1640)
Skilderij ‘Bartoloméus’

admin

Griis needlot

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

Al streekje wolken ’t wetter griis,
de skûtsjes brûzje der oerhinne,
kleurich, mei de hope op in priis
of skoot it needlot foar de sinne?

De liuw is roppich, rint hjoed hurd,
ferwachtet op it griis te winnen,
mar it swurk lûkt narjend oan de sturt,
it needlot lit it bist net rinne.

Sjoch hoe’t syn kop stekt foar it Fean,
bretaalwei sa’t dy rôvers kinne,
konkurrinten ha ’t der net op stean,
dus hat er oan it Fean in minne.

De liuw draaft troch, jout him net oer,
lit him op ’t striidtoaniel net kenne,
mar it grize needlot smakket soer,
wa’t roppich is, moat dêroan wenne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum