Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for augustus, 2017

admin

Fraai fjoerwurk

Keunst

fan Constantin Meunier*

Elk wit, it fjoer is âld:
de ynslach fan de bliksem,
it wriuwen fan twa stikken hout,
de tûkebult yn hege lôge,
gjin minske bliuwt by ’t fjoerwurk kâld.

Mar hjitter is it fjoer
dat smelt it erts ta izer,
wurk oan de manlju tafertroud,
dy’t net oer stoom en hjitte kleie,
dit fjoerwurk hat in lange doer.

Lang is harren dei,
de bleate lea fan izer;
it izer wurdt úteinlik goud,
de baas kin dy feroaring daaie,
want al dit fjoerwurk eaget fraai.

* Constantin Meunier (1831-1905)
Skilderij ‘De smeltoven fan Ougrée’

admin

Dronken situaasje op De Lemmer

Skûtsjesilen 2017

Wolnee, dit is net op De Lemmer,
dêr’t it byld gjin tastel hie
om Akkrum fêst te lizzen,
dus komt it âlde byld werom,
men kin it dêrmei ek wol sizze:

De earste wike brûst it fûl deryn,
de twadde spuitet it fenyn.

De skipper hie wol wat te sizzen:
‘Minder drank jou ik as rie,
dan sile wy twa wiken
mei kleare koppen foar de rom,
dus moatte oaren foar ús wike.

De earste wike waard de wite
twa kear earste sûnder bier…
teminsten net safolle
dat Akkrum brûsde fan it skom,
se sylden mei in romme holle.

Mar yn de wedstriid op De Lemmer
joech it byld, ’t is stjerrend wier,
in dronken situaasje
wer: earste, lykwols sûnder rom,
de wite rekke út ’e graasje*.

* It protest fan de Súdwesthoeke
tsjin Akkrum waard tawiisd

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum